Freonen Bizz

Tryater is bekend as toanielselskip. Mar Tryater is mear en kin mear foar jo betsjutte as jo no stiper wurde fan ús Tryater Freonen Bizz. Dit kin al foar € 350,- it jier!

Tryater is it bekendste en grutste Frysktalige toanielselskip fan de wrâld. Wy spylje oeral en foar elkenien yn Fryslân en dêrbûten. Tryater stiet foar: sterke bining oant fier yn de regio, leafde foar de Fryske taal, tagonklikheid, helderheid, kwaliteit en kreativiteit. Tryater is in iepen selskip dat midden yn ús maatskippij stiet en bydraacht oan de kwaliteit fan Fryslân, de Fryske taal en de leefberheid yn de provinsje.

Sjogge jo dat ek sa en wolle jo dêrneist de Fryske kultuer stypje? Wurd dan no stiper fan Tryater Freonen Bizz. Jo kinne stiper wurde as bedriuw, ynstelling, selsstannige of op persoanlike titel. It donateurskip stiet iepen foar elkenien. Wy hite jo graach wolkom by Tryater Freonen Bizz.

Foar wa?
Grut bedriuw, lyts bedriuw, zzp-er, partikulier en/of Freon fan Tryater

Wêrom?
Nijsgjirrige kontakten, belutsen minsken, kennis diele, ynspiraasje, ynformeel en in protte foardiel.

Hoe sjocht it donateurskip derút?
Wy biede jo in netwurk om nijsgjirrige kontakten op te dwaan en kennis en ûnderfining te dielen. Dêrfoar organisearje we twa kear yn it jier in fergees tagonklike byienkomst dêr’t jo oare stipers yn in losse sfear moetsje kinne. Dat is ynklusyf alle aktiviteiten, hapkes en drankjes. Tryater sil dizze byienkomsten op ferrassende wize ynfolje mei in boeiend programma. Soms hat it programma te krijen mei in foarstelling, mar it kin ek in saaklik ynhâldlike ynfolling hawwe mei in nijsgjirrige sprekker.

Wurdt stiper fan Tryater Freonen Bizz foar in bloeiend kultureel maatskiplik klimaat yn Fryslân! It donateurskip stiet iepen foar elkenien. Wurdt lid fan € 350 yn it jier ôf. Twa stipers betelje € 500 en foar elke ekstra stiper is it € 250,- ekstra.

Tryater hat de ANBI-status: it is mooglik om it donateurskip ôf te lûken fan de belesting.

Mear ynformaasje: Belje Jelly Steenstra 058-2882335 of mail j.steenstra@tryater.nl

De donateurs fan TryaterBizz

TryaterBizz is yn 2012 oprjochte. Yntusken binne der sa’n 30 bedriuwen oansluten by dit netwurk. Hjirûnder fine jo in oersjoch:

BW H ontwerpers Klaas van den Berg (Meiklaas)
Grafische Groep Van der Eems Bouwbedrijf van Dijk B.V.
Jansen Pro-Office Tamara Schoppert Theatermaker
Scheffer Administraties Relinde Vos
Wetsus, european centre of excellence FRL Post
Bosma de Witte Makelaars Smits & van der Meer verzekeringen
RegelPunt De Friesland Zorgverzekeraar
Mannen van Staal Synaeda
Knol Akkrum De Haan AGW Advocaten & Notarissen
Kracht van Beleving Buro Mpower
Rabobank Leeuwarden Noordwest Friesland Tekenplein B.V.
Thoracc Adviseurs en Accountants

  • 2 fergees tagonklike byienkomst dêr’t jo oare stipers yn in losse sfear moetsje kinne.
  • ‘Wildcard’ dêr’t jo ien kear ien yntrodusee mei meinimme meie nei dizze organisearre byienkomsten
  • Foar 2 personen fergees tagong by alle reguliere foarstellingen fan Tryater yn ús eigen gebou oan de Oostersingel 70
  • 10% koarting op op maat makke bedriuwsarranzjemint of bedriuwstraining
  • 25% koarting op ferhiermooglikheden fan it gebou fan Tryater
  • 10% koarting op het oeretaryf fan de ekspertize fan ús artistike team
  • Foarrang by it boeken fan in bedriuwsarranzjemint.

Saaklik

Bedriuwen dy’t harren graach kultureel ûnderskiede wolle kinne bijdrage oan it oanbod fan Tryater. Dit kin op ferskate wizen.

Freonen Bizz

Tryater is bekend as toanielselskip. Mar Tryater is mear en kin mear foar jo betsjutte as jo no stiper wurde fan ús Tryater Freonen Bizz. Dit kin al foar € 350,- it jier! Tryater is it bekendste en grutste Frysktalige toanielselskip fan de wrâld. Wy spylje oeral en foar elkenien yn Fryslân en dêrbûten. Tryater stiet […]

  • 2 fergees tagonklike byienkomst dêr’t jo oare stipers yn in losse sfear moetsje kinne.
  • ‘Wildcard’ dêr’t jo ien kear ien yntrodusee mei meinimme meie nei dizze organisearre byienkomsten
  • Foar 2 personen fergees tagong by alle reguliere foarstellingen fan Tryater yn ús eigen gebou oan de Oostersingel 70
  • 10% koarting op op maat makke bedriuwsarranzjemint of bedriuwstraining
  • 25% koarting op ferhiermooglikheden fan it gebou fan Tryater
  • 10% koarting op het oeretaryf fan de ekspertize fan ús artistike team
  • Foarrang by it boeken fan in bedriuwsarranzjemint.

Skinkingen

Tryater is as kulturele ynstelling kwalifisearre as ANBI, in algemeen nut beogende instelling. Der binne yn Nederlân in protte stichtingen en ferieningen dy’t har ynsette foar it goeie doel. By in ynset fan minimaal 90 prosint foar in algemien nuttich doel, kin de belestingtsjinst sa’n organisaasje offisjeel oanmerke as in ANBI.

Mear ynformaasje oer de Geefwet is digitaal werom te finen as ûnderdiel fan de Belastingwet 2013, under oaren op de webside fan Daargeefjeom of de webside fan de Rijksoverheid.

> Lês mear

Sponsoring

Tryater wurket mei regelmaat mei sponsers dy’t ferbûn binne oan in spesifike foarstelling. 

  • Sponsoring fan Tryater as selskip.
  • It sponsorjen fan in spesifike foarstelling; bgl. ús lokaasjefoarstellingen of de krystfoarstelling
  • Bedriuwen kinne in skinking dwaan, mei as bykommend foardiel in fiskale koarting.
  • Tryater ûntwikkelt somtiden projekten yn gearwurking mei bedriuwen. In foarbyld dêrfan is de lokaasjeteatertrilogy Down South of de gearwurking mei de Afûk foar Tomke siket om ‘e kluts.Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Valentijn Fit, v.fit@tryater.nl of 058-2882335.

Partners

Tryater is ûnderdiel fan de lanlike basisynfrastruktuer en dêrmei ien fan de 9 fêst subsidiearre toanielselskippen fan Nederlân. De oerheidssubsydzje dy’t Tryater ûntfangt wurdt per keunsteperioade op ‘e nij fêststeld. 

> Lês mear