Loading...
Dit binne wy

Donaasje

As kulturele ynstelling kinne we altyd ekstra stipe brûke. Om jong talint te stypjen, om ús gebou tagonklik foar elkenien te meitsjen, om in nijsgjirrich râneprogramma te meitsjen en fansels om safolle mooglik minsken te berikken mei wat Tryater te bieden hat! Wolst ús helpe? Kinst mei de knop hjirneist hiel maklik foar ien kear in beskieden bedrach donearje.

Wolst wat mear betsjutte? Lês dan fierder op dizze side.

Freon

Freon

Foar mar €20,- wurdst Freon fan Tryater! En dêr makkest ús bliid mei, want sa kinne wy trochgean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teater. As tank krigest fan ús eksklusive koarting op hast alle foarstellingen en útnûgingen foar spesjale Freone-aktiviteiten.

  • twa kear it jier de Freone-nijsbrief
  • koarting op (hast) alle foarstellingen
  • spesjale Freone-aktiviteiten
  • kollektiviteitskoarting by De Friesland Zorgverzekeraar

Freon wurde?

Folje ûndersteand formulier yn. De bydrage is jildich foar twa persoanen. Alfêst tige tank en fansels oant gau by ien fan ús foarstellingen!

Kollektiviteitskoarting

BBeide Fryske organisaasjes beskôgje mekoar as maatskiplike partners dy’t har ynsette foar in sterke maatskippij mei romte foar lichaamlike en geastlike sûnens.

De foardielen fan De Friesland Zorgverzekeraar:

  • 7% korting op uw zorgverzekering, ook voor uw gezin
  • 7% koarting op jo basisfersekering (ek foar jo húshâlding)
  • 9% koarting op jo oanfoljende fersekeringen
  • 10% koarting op jo reisfersekering
  • Mooglikheid om it ferplicht eigen risiko yn terminen te beteljen
  • Jo rekkens wurde útbetelle binnen 10 wurkdagen
  • Fergees it sparprogramma brûke: Fan van Fit 

De Freonen dy’t al gebrûk fan meitsje fan de kollektiviteitskoarting hoege neat te dwaan, foar harren rint de besteande regeling troch.

As jo noch net fan dizze regeling gebrûk meitsje, kinne jo foar 1 jannewaris 2022 oerstappe nei De Friesland. Op http://www.defriesland.nl/collectiefverzekerd kinne jo sels jo preemje mei koarting berekkenje. Jou oan dat jo Freon binne fan Tryater: kollektiviteitsnûmer 363801 of ‘Stichting Freonen fan Tryater’.

Freon XL

Wolst Tryater eins wol wat ekstra stypje? Fan €50,- ôf wurdst FreonXL! Boppe op de foardielen fan de Freonen krigest ek noch ien kear yn it jier eksklusyf tagong ta ien fan de try-outs yn de eigen teaterseal fan Tryater.

  • twa kear it jier de Freone-nijsbrief
  • koarting op (hast) alle foarstellingen
  • spesjale Freone-aktiviteiten
  • kollektiviteitskoarting by De Friesland Zorgverzekeraar
  • ien kear it jier fergees tagong ta ien fan de try-outs yn de eigen teaterseal fan Tryater

Freon XL wurde

Folje ûndersteand formulier yn. De bydrge is jildich foar twa persoanen. Alfêst tige tank en fansels oant gau by ien fan ús foarstellingen!

Skinking

Hast der wolris oan tocht om in skinking oan Tryater te dwaan? Dat soene wy hiel bot wurdearje! Boppedat: wannear’tst oan Tryater skinkst, profitearrest troch ús ANBI-status (‘algemeen nut beogende instelling’) fan belestingfoardiel. Meist it bedrach datst jierliks joust nammentlik ferheegje mei 25% by de belestingoanjefte. Dêrtroch kinst mear jaan wylst feitlik minder betellest. Skinkingen oan Tryater kinst periodyk dwaan foar in perioade fan minimaal fiif jier om fan belestingfoardiel te profitearjen. Foar ien kear skinke kin fansels ek.

Alle ynformaasje oer de foardielen fan skinke is te finen op de webside fan de Belastingdienst. Sûnt in tal jierren publisearje ANBI-ynstellingen ferskate gegevens online. Dy fan Tryater fynst hjir.

Tryater en neilittenskip

Tryater opnimme yn dyn testamint is ek ien fan de manieren om ús te stypjen. We kinne dêrmei teater meitsjen bliuwe en talintûntwikkeling stimulearje, no en yn de takomst. Kiest fansels sels oan hokker doel ast dyn neilittenskip takenne wolst. Bygelyks oan edukaasje, talintûntwikkeling of oan it bliuwend mooglik meitsje fan moaie foarstellingen.

Wolst foar ien kear of perioadyk skinke, even fan gedachten wikselje of in fraach stelle? Nim gerêst kontakt op mei us saaklik direkteur Valentijn Fit!

Freon

TryaterBizz

Tryater kin in soad foar dy betsjutte wannear’tst as ûndernimmer of bedriuw lid wurdst fan ús Bizz-bedriuwenetwurk.

Bloeiend kultureel klimaat

TryaterBizz is yn 2012 oprjochte as netwurk fan en foar ûndernimmers dy’t mei elkoar stean foar in bloeiend kultureel klimaat yn Fryslân. As lid krijst eksklusive koartingen op bygelyks bedriuwsarranzjeminten en trainingen en fergees tagong ta de reguliere foarstellingen fan Tryater. Dêrneist organisearje we op regelmittige basis ynpirearjende en boeiende byienkomsten, wêr’st elkoar moetest yn in frije en kreative setting.

Bydrage en belestingfoardiel

Lid wurde? Dat kin fansels! It lidmaatskip is keppele oan it teaterseizoen en rint dus fan augustus oant july. De kosten wurde jierliks yn septimber ynkassearre. Goed om te witten: Tryater hat in ANBI-status en is dêrmei in goed doel. Dat betsjut dat de kosten fan it stiperskip ôf te lûken binne fan de belesting.

Lid wurde of hast noch fragen? Nim dêrfoar kontakt op mei Jelly Steenstra op telefoannûmer: 058 – 288 23 35 of mail j.steenstra@tryater.nl

De Bizz-leden

Der binne op dit stuit sechstjin bedriuwen oansletten by TryaterBizz:

Bouwbedrijf van Dijk B.V., BWH Ontwerpers, Friesland IT, FRL Groep, Grafische Groep van der Eems, Mannen van Staal, Mei Klaas, NNDI, Posseth Montage, Smits & van der Meer verzekeringen, Rabobank Leeuwarden – Noordwest Friesland, RegelPunt, Scheffer Administraties, Tamara Schoppert Theatermaker, Contoer en Suver & Skjin Wynenerzjy BV.

Sponsors

Tryater wurket mei regelmaat mei sponsers dy’t ferbûn binne oan (de ûntwikkeling van) ús selskip. In pear fan de mooglikheden:

  • Sponsoring fan Tryater as selskip.
  • It sponsorjen fan in spesifike foarstelling; bgl. ús lokaasjefoarstellingen of de krystfoarstelling
  • Bedriuwen kinne in skinking dwaan, mei as bykommend foardiel in fiskale koarting.
  • Tryater ûntwikkelt somtiden projekten yn gearwurking mei bedriuwen. Sa makken we yn 2018 Doarp Europa mei in tal grutte bedriuwen yn Fryslân.

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado