In ûntregeljende soap oer foarspelberheid of in foarspelbere foarstelling oer ûntregeling

moandei 30 oktober 2017 – freed 8 desimber 2017

Skûmbek

In ûntregeljende soap oer foarspelberheid of in foarspelbere foarstelling oer ûntregeling

Alles is presys sa’tst fan in soap ferwachtsje meist. De huzen binne perfekt. De ynrjochting komt streekrjocht út in ynterieurtydskrift en de bewenners silst noait op in moadeflater trappearje. Neat wurdt oan it tafal oerlitten. Fansels hawwe de bewenners problemen. Mar sels dy binne perfekt regissearre. Sa’n folmakke libben is lykwols net fol te hâlden. Stadichoan rekket de boel ûntregele…

Hoe sit it mei dyn eigen libben: is dat perfekt? Is dyn libben krekt sa ideaal as op dyn Instagram? Dochst presys wat oaren fan dy ferwachtsje of krekt wêr’tst sels nocht oan hast? Wat dochst wannear’tst dy even ûnwis fielst? Folgest dyn ympulzen of draachst dy sa’t it heart?

De jongerefoarstelling Skûmbek giet oer de striid tusken oanpasse of ergens útbrekke. Dochst wat der fan dy ferwachte wurdt of folgest dyn grillen? Litst alle grinzen los en wurdt it in gesellige gaos of rint it soms út op in regelrjochte ramp?

Tryater en Theaterfestival Jonge Harten fregen Karel Hermans en Aukje Schaafsma om in foarstelling te meitsjen foar jongeren. Se lieten har ynspirearje troch soapsearjes, ferwachtingspatroanen en sosjale konvinsjes. Mei Eva Meijering en Mathieu Wijdeven meitsje se in oansprekkende en ûntregeljende foarstelling oer de wrakseling dy’t elke puber yn syn libben meimakket: folgje ik myn ympulzen of behearskje ik mysels? Brûk ik myn fantasy of spylje ik op safe?

Skûmbek is in koproduksje fan Tryater, Theaterfestival Jonge Harten en Station Noord.


Karel Hermans wie earder by Tryater te sjen yn de jongerefoarstelling Holes (in koproduksje mei De Jonge Republiek). Aukje Schaafsma makke lêsten by Meeuw Jeugdtheaterschool de foarstelling Je kind lijkt stommer op een brommer. Beiden folgen in fjouwerjierrich talint-ûntwikkelingstrajekt by Tryater en Station Noord.


 

SPYLLIST

YNFO

MEAR WITTE OF RESERVEARE

 

Kredits

Karel Hermans, Aukje Schaafsma | Karel Hermans, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Mathieu Wijdeven | Silvia Andringa (eindregie) |