Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem

moandei 5 maart 2018 – tongersdei 26 april 2018

Karawane (10+)

Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem.

Wat seisto

Dit is gjin Spaansk of Afrikaansk. It binne de earste twa rigels út in 100 jier âld klankgedicht fan de Dadaïst Hugo Ball. Hugo en oare Dada-dichters skreaunen dit ‘lûd fan ûnlogika’ om de wrâld ris oars nei de dingen sjen te litten. Want wurden sûnder betsjutting kinne nammentlik wol in soad betsjutte.

Abe beskriuwt syn wrâld. Hy skikoarderet alles mei in protte wille. Dan komt in bysûnder selskip op syn paad. ‘Kin ik hjir de jas útdwaan?’, freget Abe. Mar it trijetal jout dêr gjin antwurd op. Se neame him Babel en nimme him mei yn in wrâld dêr’t alles taal is. Wannear’t er hjir krekt oan begjint te wennen giet ien fan de trije ynienen fuort. Komt se werom? Hoe kinne we har berikke as we har taal net kenne?

It publyk giet mei Babel it aventoer temjitte, want muzyk, dûns, en poëzij fiere it heechste wurd!

Dizze jeugdfoarstelling foar bern fan 10 jier ôf wurdt makke foar Lân fan Taal, ûnderdiel fan LF2018.

 

Kredits

Tamara Schoppert | Karel Hermans, Peter Sijbenga | Laila el Bazi, Tatiana Matveeva | Peter Sijbenga | Miek Uittenhout |