Wy binne hjir. Wy binne no

tongersdei 19 oktober 2017 – woansdei 6 desimber 2017

Elkenien is in prutser

Bestel kaarten
De akteurs steane, as fiif überprutsers mei harren eigen gepruts, symboal foar de syktocht fan in generaasje (yn Fryslân) dy’t de juste besluten nimme wol yn it libben.

Wij zijn hier. Wij zijn nu. Wij praten Nederlands, Liwwadders en Frysk. Wy binne berne yn Fryslân. Wy binne tusken de 20 en 30 jier âld (Raymond net). Wy wenje net fierder as 50 kilometer by ús berteplak wei. Us heit en mem binne berne yn Fryslân. (De moeder van Raymond niet). Wy binne karnivoar (Brecht net). Wy hâlde fan silen (Eline en Brecht net). Wij hewwe allemaal een Facebook en een Instagram-account. Wy hewwe allemaal ‘n groanyske ziekte of un gebrek (Eline net). Wy wille ut goed doen. Wy wille de wereld begripe. Wy wille útzoome om de wereld te begripen. Wy snappen niet hoe as ‘t heelal werkt. Wy binne bang foar de dea (Sjoerd en Brecht sizze fan net). Wij weten wat we goed doen. Wij weten wat we verkeerd doen. Wij reflecteren op onze competenties. Wy prutse. (Net as met deuze tekst). En as wy it net mear witte, dan tappe wy.

Ynjûn troch de dei, de lokaasje en it publyk, is der gjin jûn gelyk. Inkele sênes binne útwurke, fierder helje de spilers ynspiraasje út harren fantasy, libben, dreamen, ferwachtingen en eangsten.

De lokaasje is op ûnferwachte plakken; dy ferhâldt him, lykas it spyljen sels, ta in rauwens en in fergonklikens. Begjin- en eintiid fan de foarstelling stiet fêst; wat der tuskenyn bart, is ôfhinklik fan it momint.

Foarstelling fan: Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries, Brecht Wassenaar en Ira Judkovskaja
Mei tank oan: Marit de Weerd, Friesche Balletschool, Peter Sijbenga, Remko Smids, Inès Sauer, Linda Eijssen,  in hiel soad oare prutsers en de rest fan ‘e wrâld