Worksjops op maat

Teater giet oer de iepen blik, oer keunst en útprebearjen. Oer lol en lef. Teater prikkelet dyn rjochterharsenhelte, dyn ynsjoch, ferbylding, kreativiteit en dyn fermogen om problemen op te lossen.


We ferbine graach op maat. Ek yn losse worksjops of projekten. We ha in team fan deskundige en ynspirearjende dosinten. Prebearje dus.

Partikulier

Tryater is alsidich en kreatyf, bringt kwaliteit en is woartele yn de regio. By Tryater wurdt ‘out of the box’ tocht. Gjin see is te djip, gjin berch te heech. De ekspertize fan de meiwurkers rikt fierder as allinne de foarstellingen. Dy ekspertize wolle wy graach diele. Stap by ús binnen en lit jo ferrasse. Us prachtige gebou, de moaie lokaasje, de bysûndere atmosfear fan ús teaterbedriuw, de iepen kommunikaasje fan ús meiwurkers. It binne in pear aspekten fan it gehiel dat wy te bieden ha.

Sealhier & katering

In orizjinele lokaasje foar jo feest, resepsje, bijienkomst of evenemint.

Worksjops op maat

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

In blik efter de skermen

Tryater iepent har glêzen doarren en lit jim nei binnen sjen yn de wrâld fan teater