Teater, hoe wurket dat?

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. As ynlieding op CKV, om gear te wurkjen of as ynspiraasje foar in eigen foarstelling.

Under begelieding fan in teaterdosint meitsje se yn twa oeren in lytse foarstelling. Se meitsje kennis mei de fjouwer fazes fan teatermeitsjen: it idee, it ûntwerp, de repetysje en de foarstelling, ynklusyf it produksjeoerlis wêryn de nommen beslúten toetst wurde. It totaal wurdt ôfslúten mei de presintaasje. Foar dekor, ljocht en lûd wurdt gebrûk makke fan de fasiliteiten fan Tryater.

Passend foar learlingen yn it foartgeset ûnderwiis, sawol ûnderbou VMBO/HAVO/VWO, as CKV boppebou, ôfhinklik fan wêr dit it beste yn it lesprogramma fan de skoalle past.

‘Teater, hoe wurket dat?’ is ûntwikkele troch Tryater en Stadsschouburg De Harmonie en basearre op de tentoanstelling en worksjop ‘Backstage’ fan it TIN.

Wêr

Tryater – grutte seal

Troch

Teaterdosinten fan Tryater

Tiden

yn oerlis

Duer

2 lesoeren (90-120 minuten)

Kosten

€ 125,- per klas

Edukatyf

‘Spelen is de hoogste vorm van onderzoek’, sei Albert Einstein. Do eksperimentearrest, ûndersikest, ferkenst grinzen en ûntdekst mooglikheden. Teater giet oer dy iepen blik, oer keunst en útprebearjen. Oer lol en lef. Teater prikkelet dyn rjochterharsenhelte, dyn ynsjoch, ferbylding, kreativiteit en dyn fermogen om problemen op te lossen.

Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje (4+)

Lesbrief

Klik hjir foar de lesbrief

Worksjops op maat

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

Teater, hoe wurket dat?

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

Wy Spylje

Tryater ontwikkelde met Wy Spylje een toegankelijke methode en heldere werkvormen om taal, verhaal en theater in de klas toe te passen. Tijdens de speelse inspiratiebijeenkomsten bij Tryater oefen je met de methode en werkvormen.

In blik achter de skermen

Wy sette ús glêzen doarren iepen en litte dy de wrâld fan teater sjen.